Run op Van Grunsven op Indoor
Se stiene yn 'e rige, de fans fan topamazoane Ankie van Grunsven op it Indoor Fryslân. De winnares fan Olympysk goud joech yn it FEC yn Ljouwert in demonstraasje. Dêrnei dielde hja hantekens út oan hûnderten jonge hynstefamkes.
Van Grunsven har fêste maat, it hynder Bonfire wie der net by yn Ljouwert. Hja moast it diskear dwaan mei Kareltje.