Joop Atsma wol spoeddebat

© Omrop Fryslân
CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma fan Surhústerfean wol in spoeddebat oer siik fee dat by destruksjebedriuw Rendac yn Sumar yn it feefoer ferwurke wêze soe.
De wet skriuwt foar dat dit net mei, mar neffens in feehâlder út Zelhem yn Gelderlân is dit mei syn fee wol bard. Syn fee waard earder ophelle en ferwurke by Rendac. It CDA wol no op koarte termyn opheldering fan it kabinet.