Fryslân pakt út mei hjerstnota

© Omrop Fryslân
De provinsje lûkt yn de hjerstnota hast 23 miljoen gûne út foar projekten. Dat jild is foar ekstra projekten en projekten dêr't earder de kosten net bekend fan wienen en komt fan Fryslân sels.
Belangrike punten yn de nota binne de oankeap fan natuergrûn, in ûndersyk nei de yntegraasje fan asylmigranten en in ynvestearring yn in baggerdepot dat yn Súdwest Fryslân komme moat.