Identiteit lyk Frjentsjer bekend

© Omrop Fryslân
Seksje op it stoflik omskot dat woansdei yn it wetter yn Frjentsjer oantroffen is, hat útwiisd dat it om de 36-jierrige Atze Leistra giet. Der is gjin sprake fan in misdriuw. De man is op 13 oktober foar it lêst yn Minnertsgea sjoen.
De man ferkearde de lêste tiid faak yn pinsjon Weltevree yn Minnertsgea. Dêrfoar hâlde er in soad ta yn opfangsintrum De Terp yn Ljouwert.