Dreech snoeiwurk yn Snits

20 okt 2000 - 09:52

Yn Snits is tongersdei begûn mei it snoeien fan twa platanen. In dreech putsje, om't de beammen yn in boekwinkel groeie, troch it dak hinne.

De platanen binne 150 jier âld en steane op de monumintelist. Twa jier lyn kaam op it plak in boekwinkel, mar dy moast om de beammen hinne boud wurde. De beammen moatte snoeid wurde om't se no sawat tsjin omlizzende huzen oangroeie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)