Blau ljocht skynt yn Boerum

19 okt 2000 - 18:08

It satellytstasjon yn Boerum mei de saneamde 'earen', lit jûns ien fan de skûtelantennes beskine mei ljocht. Dat docht it stasjon om oandacht te lûken foar har iepen dei no sneon.

Fan fierren is in blau ljocht oan 'e loft te sjen. Guon minsken geane der jûns op út om út te finen wêr't it ljocht weikomt. It stasjon set no in boerd del dat de sitewaasje útleit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)