Plysje kloppet by ryk oan

19 okt 2000 - 11:13
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske plysje wol by it Ryk in artikel-4 status oanfreegje. Dat betsjut dat de plysje ekstra jild krijt, mar it Ryk krijt dan wol tafersjoch op it korps.

De plysje hat slimme jildpine. Korpsbehearder Van Maaren tinkt der lykwols net oer om de ambysjes by te stellen en sa jild út te sparjen. Se wol genôch plysjes op strjitte hâlde en ek gau de húsfesting oanpakke.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)