Winkels moatte meibetelje

19 okt 2000 - 10:52

It Kolleezje fan B en W fan Ljouwert wol 3,4 miljoen gûne ophelje by de ûndernimmers yn it sintrum fan de haadstêd. De winkels oan de Nijstêd en strjitten dy't der op útkomme, moatte meibetelje oan de werynrjochting fan de binnenstêd.

De Ljouwerter ûndernimmersferiening is tsjin it plan en fynt dat alle winkels yn it sintrum in bydrage leverje moatte. It foarstel moat noch nei de ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)