Film oer Orfeo Aqua

18 okt 2000 - 15:38

'Orfeo yn Fryslân' is de titel fan in film dy't yn novimber yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert te sjen is. It is in dokumintêre-achtige film mei fragminten fan it operaspektakel Orfeo Aqua.

Yn de film binne ek tariedingen foar de opera te sjen dy't foar Simmer 2000 by de Bombrekken spile waard. De film is yn opdracht fan Omrop Fryslân makke en komt 24 desimber op de lanlike televyzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)