Ljouwert hat min imago

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat in imagoprobleem. De haadstêd soe in ferkearsgaos wêze en soe it ekonomysk en kultureel net goed dwaan. Ljouwert liket boppedat de status fan netwurkstêd mis te rinnen.
It Kolleezje fan B en W wol de byldfoarming positiver meitsje. Mei in program wurket it gemeentebestjoer har doelen út. Ljouwert moat provinsjaal en nasjonaal mear op de kaart set wurde.