Konflikt by Cambuur om premy's

© Omrop Fryslân
Fuotbalfakbûn VVCS sil dizze wike bemiddelje yn it konflikt tusken de spilers en it bestjoer fan Cambuur. De ynset is de hichte fan 'e premy's dit seizoen.
De spilers wolle in fêst bedrach foar elts punt. It bestjoer wol in systeem fan 'lean nei wurkjen' en nei ôfrin de bonus fêststelle. It ôfrûne seizoen krigen de spilers ƒ750,-- foar elts punt. De spilers freegje no de helte minder.