Veeman yn hitlist kwaksalvers

16 okt 2000 - 17:13
Foto: Omrop Fryslân

Alternatyf genêzer Jelle Veeman fan It Hearrenfean stiet yn de top-20 fan de Nederlânske Kwakzalvers oer de ieu. De list is gearstald troch de 'Vereniging tegen Kwakzalverij'.

Veeman stiet op it 20ste plak. Nûmer 1 stiet dokter Moerman, betinker fan it dieet tsjin kanker. Op 'e list steane fierder paragnost Croiset, Greet Hofmans en Jomanda.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)