Deadlik ûngemak
In 31-jierrige man út Bûtenpost is sneontemiddei yn it ferkear om it libben kommen. Hy ried op de motor by Doezum yn Grinslân.
Doe't er in traktor mei oanhingwein ynhelje woe, rekke er yn de linkerberm. Dêrnei kaam er ûnder ien fan de tsjillen fan de oanhingwein telâne. Neffens de plysje wie de motorrider op slach dea.