Drokte op iepen dei plysje

15 okt 2000 - 19:15
Foto: Omrop Fryslân

De iepen dei fan de plysje hat sneon in soad ynteressearren lutsen. Tûzenen minsken kamen nei it haadburo yn Ljouwert om bygelyks sellen en sjitbaan te besjen. Kosten noch muoite wienen sparre om it publyk te fermeitsjen.

Trije jier lyn wie der foar it lêst sa'n iepen dei. De plysje tinkt deroer om tenei alle jierren de doarren even iepen te setten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)