'Te min oerlis by opfang'
De gemeente Ljouwert pakt it regeljen fan in nije opfang fan dak- en thúsleazen folslein ferkeard oan. Dat fynt it Fryske Twadde Keamerlid Annet van der Hoek.
Neffens Van der Hoek hat de gemeente nije opfanglokaasjes oanwiisd sûnder earst goed te oerlizzen mei omwenjenden. Yn oare stêden hat yntinsive ynspraak in súksesfolle oanpak west.