Kultuerpas foar skoalbern
Learlingen fan de skoallemienskip Simon Vestdijk yn Harns en Frjentsjer krije in kultuerpas. De pas is in kombinaasje fan skoallepas en bibleteekpas en jout ek koarting by kulturele ynstellings.
De bern krije de pas om't mei de nije opset fan it fuortset ûnderwiis kulturele foarming in stik wichtiger wurden is. De pas moat it omtinken foar kultuer by bern stimulearje.