Winst foar twa haadklassers

15 okt 2000 - 14:03

Twa fan de Fryske fuotbalhaadklassers ha sneon trije punten byskreaun. Harkemase Boys wûn mei 3-0 fan de IJsselmeervogels. De gasten krigen in soad kânsen, mar nei 1-0 (61') wie de saak beslikke.

Topper Drachtster Boys kaam by Barneveld mei de skrik frij. De Drachtsters spilen min, mar koenen mei in 0-1 winst wer op hûs oan. ONS Snits ferlear by Be Quick mei 2-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)