Alden warskôge foar pedofile man

© Omrop Fryslân
Skoallen yn de Ljouwerter wyk Westeinde warskôgje âlden foar in pedofile man. Hy falt sûnt in pear wiken bern lestich. Seis bern fan de Albertina Agnesskoalle binne benadere. De man frege oft se in lolly ha woenen en toande syn geslacht.
De skoalle wol sa iepen mooglik mei de kwestje omgean. De bern binne goed ynformearre. De plysje hat de saak yn ûndersyk.