Lúks hotel yn Ternaard

14 okt 2000 - 16:55

Ternaard krijt in eksklusyf hotel-restaurant. Meubelmakker Pilat kocht it pân dêr't earder 'De waard fan Ternaard' yn siet. De eigner wol it gebou stylfol opknappe en seis lúkse keamers oanbiede. Der moat ek in restaurant op nivo komme.

Oer in jier stiet de iepening fan it hotel-restaurant pland. Pilat ferwachtet in soad belangstelling foar syn rêstpunt yn it noardeastlike part fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)