Pieter Huistra nei Hongkong?

© Omrop Fryslân
Pieter Huistra wurdt miskien assistintbûnscoach fan Hongkong. Huistra beëiniget syn karriêre as fuotbalspiler. De âld-Drachtster hat tefolle lêst fan in achillespees-blessuere.
Huistra trainde de lêste tiid mei RBC mei, mar is dêr nea oan spyljen takaam. Huistra kaam earder út foar Lierse SK yn België, de Glasgow Rangers en FC Twente. Huistra is ek âld-international.