Unsekerheid oer guozze-opfang

13 okt 2000 - 17:54
Foto: Omrop Fryslân

Boeren en jagers witte foar de kommende winter net wêr't se oan ta binne mei de guozze-opfang. Se ferwite steatssekretaris Faber laksheid, om't dy noch gjin fergunnings en jild tasein hat foar de 5 gedoochgebieten yn Fryslân.

De boeren dy't de wintergasten opfange, krije fan it ministearje in fêste fergoeding. De oerheid hâldt no lykwols de finger op 'e knip.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)