Trije dassen deariden

© Omrop Fryslân
Trije dassen binne yn 'e ôfrûne oardel wike deariden yn de omkriten fan Olde- en Nijeberkeap. Yn dizze tiid fan it jier binne de beskermde bistjes op syk nei in nij territoarium. Se trekke nei oare plakken en dat wurdt se fataal.
In ferlies fan trije dassen yn koarte tiid is in grutte klap foar de populaasje. In oplossing is dreech te finen.