Ofbrekken arkades is djoer
It ôfbrekken fan de hege bôgen op it Saailân yn Ljouwert kostet de gemeente oardel ton. As inkeld it middenstik fan de stielen konstruksje fuort moat, binne de kosten 50.000 gûne.
Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert sprutsen har earder al út foar it ferdwinen fan de saneamde arkades. Fanwege de hege kosten komt de kwestje nochris yn de ried.