Stekken ferplicht by wâlskanten

© Omrop Fryslân
Wetterskippen meie boeren ferplichtsje ta it pleatsen fan stekken oan de kant fan 'e wetterkearing. Dat bepaalde de Steatsrie tiisdei yn 'e saak dy't in boer út Ysbrechtum tsjin it wetterskip Marne-Middelsee oanspand hie.
Troch stekken te pleatsen kin fee de wâl net fertraapje en net by wetterplanten komme. Boeren dy't har net oan de regels hâlde, kinne hege boetes temjitte sjen.