Mooglike fúzje brânwachtkorpsen
De brânwachtkorpsen fan It Hearrenfean en De Jouwer wurde mooglik fusearre. In wurkgroep ûndersiket de fúzje en sjocht dêrby nei de húsfesting, de kosten en it fersoargingsgebiet.
Ien grut korps foar beide gemeenten moat better ynspylje kinne op helpferliening by rampen en ûngemakken. De fúzje mei gjin gefolgen ha foar it personiel en de frijwilligers.