Drylts krijt gjin sporthal

11 okt 2000 - 13:39

Drylts krijt net eigen in sporthal. Ut in ûndersyk yn opdracht fan de gemeente Wymbritseradiel nei de helberheid fan in sporthal yn 'e stêd komt nei foaren dat der net foldwaande draachflak foar is.

Al jierren wurdt yn Drylts oer in sporthal praat, mar it ferieningslibben liket der gjin ferlet fan te hawwen. De fuotbalklub fynt it spitich dat se yn Snits spylje, mar ûndernimt gjin aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)