Underwiispriis foar Friese Poort

© Omrop Fryslân
De Friese Poort hat de provinsjale ûnderwiispriis wûn mei de teaterfoarstelling 'De Anderen'. It stik giet oer de ûnderdrukking fan homo's yn de Twadde Wrâldoarloch en sinleas geweld.
Learlingen en meiwurkers fan it regionale opliedingssintrum yn Ljouwert makken de foarstelling yn it ramt fan de 4 en 5 maaie-betinking. De skoalle is no ien fan de kandidaten foar de lanlike priis.