Twarres yn top-10
It liet 'Wêr bisto' fan it Fryske duo Twarres is in top-10-hit. Dizze wike giet it nûmer yn de Mega Top Honderd omheech fan it santjinde nei it tsiende plak.
It nûmer 'Wêr bisto' wie yn 1999 winner fan de publykspriis fan it Fryske sjongfestival 'Liet'. In trochbraak bûten de Fryske grinzen hat dus mear as in jier duorre.