Advokaat yn saak-Bullepolder

10 okt 2000 - 18:41

Doarpsbelang Lekkum hat in advokaat ynskeakele om te besjen oft de bouplannen foar de Bullepolder noch fan tafel te krijen binne. Omwenjenden fan de takomstige nije wenwyk koene moandei op in ynspraakjûn fragen en beswieren kwyt oan de gemeente.

Doarpsbelang praat wol mei oer de plannen, mar ûndersiket ek juridyske wegen om der in streek troch te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)