Noardfrysk lieteboek klear

© Omrop Fryslân
'Loow n e Hiire' hyt it earste lieteboek yn it Noardfrysk, dat nei 5 jier tarieding ferskynd is. Yn it krapoan 900 siden tellende boek steane 260 lieten en fierder psalmen, liturgyen en in ynlieding yn de Noardfryske lietkunde.
Goed 10.000 minsken yn Noard-Dútslân prate Noardfrysk. Sy wenje yn SchleswigHolstein en op 'e eilannen Amrum, Sylt en Helgolân. De taal is wetlik beskerme.