Weststellingwerf wol nije mar
Weststellingwerf wol ûndersykje litte oft in nije mar oanlein wurde kin by Driewegsluis. De slús yn de Helomafeart by Nijetrine ferbynt it wettersportferkear fan Noardwest-Oerisel mei de Fryske marren.
Jierliks komme 25 tûzen boaten troch de slús en dy hopet de gemeente wat langer fêst te hâlden as der in mar by de slús komt.