Ferlies foar Formido Flyers

© Omrop Fryslân
De iishockeyers Formido Flyers ferlearen mei 3-4 sneon thús tsjin Geleen mei penaltyshots. De tredde wedstriid fan it seizoen einige nei de reguliere spyltiid en de ekstra tiid mei in lyk spul.
Yn de earste perioade kaam Geleen rap op foarsprong. Flyersdoelman Nijland koe de de skea beheine ta twa tsjingoals. De Fryske ploech skoarde ek twa kear. Dêrnei bleau it lykspul oant de penaltys.