Te min jild foar pleechgesinnen

© Omrop Fryslân
De polityk moat mear each ha foar de finansjele kant fan pleechâlden. Dat wie de wichtichste konklúzje fan 'e foarumdiskusje oer pleechgesinnen dy't sneon yn Ljouwert hâlden waard.
De Stichting Jeugdsoarch Fryslân wol minder pleechgesinnen ha fanwege de minne rânebetingsten. Foaral jildtekoart is in faak hearde klacht. Steatelid Van der Ham (CDA) pleite foar ekstra jild.