Ynspeksje fan grêf fan Yde

© Omrop Fryslân
It grêf fan Yde fan Tiara yn de Laurentiustsjerke yn Kimswert wurdt alle jierren op tradisjonele wize ynspektearre. Yn har testamint (1694) stie dat oantinkens oan har famylje, lykas tsjerkebanken, ûnderhâlden wurde moasten.
It bestjoer fan de Stichting Diakonale Goederen fiere it testamint út. Yn histoaryske klean geane se yn koetsen nei it grêf om de tradysje heech te hâlden.