Fargeul behindert skippen

08 okt 2000 - 15:32

Fiskersboaten kinne yn de takomst mooglik de fiskôfslach fan Lauwerseach net mear berikke. De fargeul it Westgat tusken It Amelân en Skiermûntseach rint ticht mei sân.

Foaral gruttere skippen kinne net mear oanlizze as neat oan de djipte dien wurdt. Neffens de waddenadvysried komt dêrmei de wurkgelegenheid foar tûzen minsken yn gefaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)