Utferkocht Stjerregala

© Omrop Fryslân
It útferkochte 'Sterrengala' mei Anneke Douma en Piter Wilkens yn De Harmonie yn Ljouwert wie freed in grut sukses. De dochter fan Douma en de mem fan Wilkens leveren ek har muzikale bydrage.
It wie foar it earst dat de Fryske diva wer op de planken stie. Ferline jier wie se der in skoft út. It Nij Filharmoanysk Orkest fersoarge de muzyk by de gouden kielen fan de diva en de trûbadoer.