Minder belesting Achtkarspelen

07 okt 2000 - 19:43

Ynwenners fan Achtkarspelen betelje takom jier minder ûnreplik guod belesting as earder oankundige waard. De gemeente hâldt mear as twa miljoen gûne oer op de begrutting.

It jild dat oerbliuwt, wurdt brûkt om de belestingen noch fierder te ferleegjen. Troch de finansjele tafaller wurdt der de kommende fjouwer jier minder besunige as earst it plan wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)