Dokkum goed berikber

© Omrop Fryslân
Dokkum is hiel goed berikber foar minder faliden. Nei Enschede waard de Fryske stêd mei twa oare stêden twad by de wedstriid om meast tagonklike lokaasje foar handikapten. De priisfraach wie in part fan de 'Wike fan de Tagonklikheid.'
Mei elkoar wienen 180 plakken opjûn dat fjouwer nominaasjes oplevere. De sjuery seach nei de berikberens foar rolstoelers, blinen en âlden mei in bernewein.