Unike wenfoarm iepene

© Omrop Fryslân
Deputearre Bijman hat freed De Sânhichte op It Hearrenfean iepene. Dat is in unike wenfoarm foar minsken dy't sawol lichaamlike as psychiatryske soarch nedich ha.
Yn de soarchferliening wurkje by dit projekt GGZ-Fryslân en Soarchsintra Moerborch gear. De Sânhichte is fêstboud oan ferpleechhûs Anna Schotanus en de bou hat 4 miljoen gûne koste.