Swiere mishanneling tajûn

06 okt 2000 - 18:12

Ien fan de fiif fertochten dy't seit neat mei de swiere mishanneling te krijen te hawwen, is tongersdei frijlitten. Begjin septimber ha se in 20-jierrige Ljouwerter slim mishannele.

Twa ha al bekend dat se de jonge yn elkoar slein ha. Ien soe him mei in stoeptegel rekke ha. It is ûndúdlik oft it slachtoffer better wurdt. Woansdei komt nijs oer ferlinging fan it foararrest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)