Koart pleit om tydlike opfang

06 okt 2000 - 10:01

De gemeente Ljouwert spant in koart pleit oan tsjin de eigner fan it pân oan de Oostersingel om him syn ôfspraken nei komme te litten. De eigner gie earder akkoart mei tydlike opfang fan dak- en thúsleazen, mar wol net mear meiwurkje.

Nei lang sykjen hat de gemeente twa lokaasjes fûn foar de opfang. Ien dêrfan, Op de Tunen, is noch net klear en dêrom wurdt it pân oan de Oostersingel brûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)