Ferlamming troch mishanneling

05 okt 2000 - 19:15

Fiif Ljouwerters sitte fêst foar swiere mishanneling fan in 20-jierrige stedsgenoat. Dat barde al op 3 septimber. Op dy sneintemoan waard de jongeman oan 'e Aldlânsdyk slein mei in metalen buis en in stoeptegel.

It slachtoffer hat slimme ferlammingsferskynsels. Hy kin amper prate. Sadwaande hat er no earst syn ferhaal oan 'e plysje ferteld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)