Gemeente wiist skea-claim ôf

© Omrop Fryslân
In planûntwikkelingsbedriuw út Harns krijt gjin jild fan Dongeradiel. De gemeente wiisde de skea-claim fan 4,4 miljoen gûne ôf. De claim wie ynstjinne om't de bou fan huzen yn it plan Gaastmermar by Dokkum net trochgeane.
Neffens it bedriuw sette de gemeente har net genôch yn om in fergunning te krijen. De gemeente koe dêr lykwols net mear bouwe nei't de Steatsrie dat ferbea.