Gjin oare farwei nei Drachten

© Omrop Fryslân
Der komt net in alternative farwei nei Drachten. Provinsjale Steaten hellen in streek troch it PvdA-plan foar in nij kanaal dat 78 miljoen gûne kostje soe.
De farrûte foar it swiere frachtferkear nei Drachten bliuwt troch Earnewâld en natuergebiet De Alde Feanen. De rûte sil rêstiger wurde om't de provinsje nije bedriuwen nei de Westergosône ferwiist. De Drachtster saken binne dêr lilk oer.