Hegere wynmûnen yn Fryslân

05 okt 2000 - 09:52

De provinsje stiet tenei hegere wynmûnen ta. De maksimumhichte wurdt fan 40 nei 60 en yn guon gefallen mei 100 meter oplutsen. Dat stiet yn it nije plan Wynstreek 2000 dat woansdei oannommen is.

De twahûndert allinnichsteande turbines by boerepleatsen moatte safolle mooglik fuort. Dêrfoar yn it plak komme grutte mûnen yn groepkes fan tsien op yndustryterreinen en by kanalen lâns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)