Assen en Grins sûnder Ljouwert

04 okt 2000 - 15:22
Foto: Omrop Fryslân

It gearwurkingsferbân Noard-Nederlân wol him net foar Ljouwert ynsette om de stêd oanslute te litten by in nasjonaal stedsnetwurk. Dat sei de kommissaris fan Grinslân Alders tiisdei yn it oerlis fan de trije noardlike provinsjes.

Minister Pronk wol in nasjonaal stedsnetwurk meitsje. Assen en Grins soene dêr ûnderdiel fan útmeitsje, mar Ljouwert net.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)