Benin stipet Fryske bioboeren

03 okt 2000 - 19:09

It earme Westafrikaanske lân Benin stipet de biologyske lânbou oan de Waadsee mei 200.000 gûne 'ûntwikkelingshelp'. Benin wol de duorsume lânbou yn Europa stypje, omdat dy net yn striid is mei it belang fan 'e Afrikaanske lânbou.

De kust fan Benin hat in soad fan ús Waadgebiet. In soad fûgels dy't hjir simmerdeis binne, oerwinterje yn Benin. De stipe giet nei de Waddengroep.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)