Gjin Fryske ynfloed keningskip

© Omrop Fryslân
Fryske Oranjeferienings steane bûtenspul yn de diskusje oer de ynhâld fan it keningskip. Fryslân hat as iennichste provinsje gjin oerkoepeljende provinsjale Oranjeferiening.
Dêrmei ûntbrekt ek in offisjele ôffurdiging by de jierlikse gearkomste fan it lanlik bûn fan Oranjeferienings. Op dy gearkomste, ôfrûne sneon, stie de ynhâld fan it keningskip op de aginda.