Brânstichter jout himsels oan

03 okt 2000 - 15:43

In 38-jierrige brânstichter hat himsels moandeitejûn oanjûn by de spoarweiplysje yn Ljouwert. De man hie deselde jûns in boppeferdjipping oan 'e Weaze yn 'e brân set. De spuitgasten hiene de útslaande brân frij gau ûnder kontrole.

De ferdjipping - eigendom fan in 41jierrige Ljouwerter - stie al in skoft leech. Earder wie der in bordeel. Drugsgebrûkers soene der no yn sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)