Beamsnoeier makket fatale fal

03 okt 2000 - 15:22

Yn Feankleaster is moandei in man ferstoarn oan 'e gefolgen fan in fal út in beam. Hy wie oan it snoeien oan 'e Keningswei. Op in hichte fan 3 meter is er nei alle gedachten net goed wurden en nei ûnderen fallen.

Ambulânsepersoniel hat it slachtoffer reanimearre en nei it sikehûs fan Dokkum brocht. Dêr rekke er letter dochs noch wei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)